Piet Hein

Piet Hein, in kopy út 1629 nei in ferlern gien orizjineel út 1625 fan Jan Daemen Cool.
Stânbyld fan Piet Hein yn Delfshaven.

Piet Pieterszoon Hein (ek wol Heyn neamd) (Delfshaven, 25 novimber 1577 - 17 juny 1629, Gregoriaanske kalinder ) wie in Nederlânsk luitenant-admiraal en West-Yndysk Kompanjy-Kommandant. Sels skriuwde hy syn namme as Heijn. Yn de Nederlânske skiednis is er tige ferneamd wurden troch de ferovering fan de saneamde Spaanske sulverfloat, yn 1628.

Piet Hein waard op 4 july 1629 mei grutte ear begroeven yn de Alde Tsjerke yn Delft. Pas yn 1638 kaam na lang oanstean fan de widdo op steatskosten it beloofde moarmeren prielgrêf klear, meastal taskreaun oan Pieter de Keyser. Folle letter, yn 1870, is yn Delfshaven in sânstiennen byld setten, in wurk fan de byldhouwer Joseph Graven út Den Bosch. Heins opfolger wie de algemien as ynkompetint beskôge Van Dorp.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy